Het is op 15 maart vijf jaar geleden dat Omrop Fryslân begon met de wekelijkse uitzending van kerkdiensten op televisie . De reden was destijds de corona-epidemie. Grote samenkomsten in kerken waren verboden. Door kerkdiensten op de televisie aan te bieden konden mensen toch thuis een kerkdienst meemaken.
De eerst tv-kerkdiensten kwamen uit de Martinikerk van Franeker. Inmiddels zijn in de afgelopen vijf jaar zijn uit vele friese dorpen en steden kerkdiensten uitgezonden. De kerkdiensten worden elke zondag om 10 uur live uitgezonden, en zijn ook later terug te zien via de Omrop of via deze website. Er kijken tienduizenden mensen naar de uitzendingen en aan de reacties die er binnenkomen blijkt dat de kerkdiensten in een grote behoefte voorzien.
De kerdiensten werden eerst verzorgd door de werkgroep Tsjerketsjinsten van de Raad van Kerken Fryslân. Nu de Friese Raad van Kerken is opgeheven is de Wurkgroep, in dezelfde bezetting, overgegaan in een nieuwe Interkerkelijke Stichting Tsjerke en Media. Hiermee is de continiuiteit van de uitzendingen van de kerkdiensten op Omrop Fryslân gewaarborgd.
It is op 15 maart fiif jier lyn dat Omrop Fryslân úteinsette mei de wyklikse útstjoering fan tsjerketsjinsten op televyzje. De oanlieding wie doe de corona-epidemy. Grutte gearkomsten yn tsjerken wiene ferbean. Troch tsjerketsjinsten op televyzje oan te bieden, koene minsken dochs thús in tsjerketsjinst meimeitsje.
De earste tv-tsjerketsjinsten kamen út de Martinitsjerke fan Frjentsjer. Underwilens binne der yn de ôfrûne fiif jier tsjerketsjinsten útstjoerd út in grut tal Fryske doarpen en stêden.
De tsjerketsjinsten wurde alle sneinen om 10 oere live útstjoerd en binne ek letter werom te sjen fia de Omrop of fia dizze webside. Tsientûzenen minsken sjogge nei de útstjoerings, en út de reaksjes dy’t binnenkomme docht bliken dat de tsjerketsjinsten yn in ferlet foarsjogge.
De tsjerketsjinsten waarden earst fersoarge troch de Wurkgroep Tsjerketsjinsten fan de Ried fan Tsjerken Fryslân. No’t de Fryske Ried fan Tsjerken opheft is, is de wurkgroep yn deselde gearstalling oergien yn in nije Yntertsjerklike Stichting Tsjerke en Media. Hjirmei is de kontinuïteit fan de útstjoeringen fan de tsjerketsjinsten op Omrop Fryslân garandearre.