Oan it begjin fan de Fredeswike bidde wy:
God fan Frede,
Jo roppe ús hjir byinoar
út in wrâld fol lawaai en geweld.
Jo noegje ús út
om tichtby te wêzen foar elkenien dy’t in berop op ús docht:
de flechtling dy’t oan ús doar kloppet,
de minske fier fuort foar wa’t wy allinne mar bidde kinne.
Jou ús in iepen hert,
sadat ús bidden rjochting krijt
en ús hannen krêft ûntfange
om te dwaan wat Jo fan ús ferwachtsje,
mei de jeften dy’t elk fan ús
– sa persoanlik – fan Jo krigen hat.
Wy freegje Jo dit
mei in berop op Jo goede Geast,
dy’t ús ynspirearret en iepenet,
de Geast dy’t ek Jo Soan Jezus libben joech
en ús paad nei it libben is.
Amen.



